dinsdag, oktober 24, 2006
vrijdag, mei 19, 2006
Ceasar en Vercingetorix
By it doarp Gergovia, yn de buurt fan it huidige Clermont-Ferrand, foun de striid plak tusken de legers fan beide mannen. Ceasar hie syn legioenen opsplitst, sadat hy tagelyk de opstandige Senones en Parisii bestrijde koe. Hyself fertok mei 6 legioenen om Vercingetorix te efterfolgjen. In pear dagen lang koe Vercingetorix de striid ontrinne, op syk nei in goed plak om in feldslach leverje te kinnen. Dat wie by it plak Gergovia, wer't in bergfort stiet en der hâldt it leger halt.
De earste striid wurde levere troch de kavalerie, werby de Romeinen oermacht hiene. Ceasar beslet in doebele loopgraaf om Gergovia te bouwen om Vercingetorix en syn mannen út te putten. Se koene sa gjin iten en drinken, as nije wapens mear krije.
Mar doe gong der wat mis yn de Romeinse strategie. Sa as faker krige it Romeinske leger te krijen mei ôffallige ynlânske troepen: yn dit gefal de Gallische Haedui. 10.000 man wiene nei Ceasar stjoert om hem te helpen, mar tiidens de tocht rop de legatus legionis Litaviccus de Haedui op om sich tsjin Ceasar te kearen. Tagelyk mei de belegering fan Gergovia moast Ceasar beslûte om fjouwer legioenen op de Haedui ôf te stjoeren.
Ceasar koe de opstand del slaan, mar de oare twa legioenen by Gergovia kaamen no swier under fjoer te lizzen. Ek wiene se der net yn slagge om de omsingeling kompleet te meitsjen, omdat de ferdedigers te sterk wiene. De ienige manier om de striid winnen te kinnen wie in feldslach tusken beide partijen. De Romeinen hiene de oerhân, tot it moment werop Ceasar it befel joech om werom te lûken nei better ferdedigbare grûn. Dit befel waard echter net opfolge en de bestoarming mislukte faliekant.
In dei letter daagde Ceasar Vercingetoris opnij út foar in gefecht, mar dizze woe net. Ceasar koe neat oars as sich weromlûke en dermei wie syn earste militaire nederlaach in feit. Foar Vercingetorix wie gjin gruttere sege mogelyk en hy waard ferkoazen tot de lieder fan alle Galliërs.
Sterkt troch de oerwinning op Ceasar probearre Vercingetorix de Romeinen te afterfolgje en oan te fallen, want leidde tot de Slag by Alesia. Hy hie it wat te heech yn de kop krigen, want hy leed in grutte nederlaach...
De kaart wol net sa best, hjir is de link : http://kidslink.bo.cnr.it/irrsaeer/lat/oppida/gergbatt.html
woensdag, mei 03, 2006
Wikipedia
Wikipedia wurdt myn nije tiidferdriuw en dat woe ik graach mei jim dele!
(Noat fan de skriuwster : net alle info op wiki is efen betrouwbaar, jammer...)(wat wer mochelikheden jout om te fergelykjen mei oare sites)(mar dat ha ik noch net dien)

Heksenferbrâning, in ferhaal apart
maandag, mei 01, 2006
Internationale

It is hjoed 1 maaie, de Dei fan de Arbeiders. Mar werom is dat eins sa?
De Dei fan de Arbeid is in feestdei fan de kommunistische en socialistische wurkersferieningen. De reden foar de fiering is it ynfoeren fan in 8 oeren wurkdei. Alfred de Grutte (848-899), kening fan it Ingelse Wessex wie de earste foarstander fan dizze regel, mar fansels wurde dit yn die tiid noch lang net ynfierd. Ek de Ingelske ambachtslieden yn de 15e en 16e ieuw fregen hjir faak om, mar ha it net krigen.
De mijnwerkers yn Frankryk wiene de earste gelokkichen. Mei tank oan Filips de Twadde. Ek Comenius (pedagoog) wees yn de 17e ieuw op it belang fan in evenrediche ferdieling fan de etmaal foar lichaam en geest.
De socialist Robert Owen wie de man dy't yn Ingelân yn 1817 it foar elkoar krige dat fabriekswurkers in 8 oeren wurkdei krigen. Syn argumenten wiene dat goeie organisaasje fan de arbeid jild opsmite koe en derneist makken de nije ontwikkelingen op technologisk en chemisk gebied it net mear fan belang om lange dagen te wurkjen.
Yn 1864 waard yn Boston it "Workingsmen's Convention" oprjochte wer't Ira Stewart pleitte foar in 8 oeren wurkdei dy't yn de wet opnaam wurd. Yn 1884 pas naam de "Amerian Federation of Labour"in resoluusje oan wer't foarsteld waard om fanôf 1 maaie 1886 de 8 oeren wurkdei yn te fieren.
Dizze datum wie net samar naam. Yn die tiid rounen de jierkontrakten ôf op 1 maaie, en hjiroan ferboun ek de wenromtekontrakten. Yn de VS wie 1 maaie "Moving-day". Op die dei wurden kontrakten ferlengd of gong in nije yn, wat betsjutte dat in soad minsken ferhûsden op die dei.
Yn Europa wurde op 21 juli 1889 beslûten om 1 maaie te fieren tiidens de Twadde Internationale yn Paris. It doel wie om mei de fiering de striid foar de 8 oeren wurkdei te fersterken. Yn 1890 founen yn in soad landen de fieringen al plak.
Yn de Sovjet-Unie en oare Oast-Europeeske landen waard 1 maaie fierd mei in parade, wer't net allinne arbeiders yn mei rounen mar foaral ek militairen, dy't showden wat de wapenindustrie allegear útfoun hie.
Yn in soad landen is 1 maaie in offisjele feestdei, sa as België en Dútslân. Mar net yn Nederlân. Eartiids waarden er troch de SDAP en CPN wol grutte gearkomsten oarganisearre, mar notiids is dat in stik lytsskalicher wurden. By dizze fieringen wurd noch wol it striidlied "De Internationale" útfierd.
Hjoed de dei stiet 1 maaie foaral faor internationale ferbounhyd.
Ontwaakt, verworpenen der aarde!
Ontwaakt, verdoemde in hongers sfeer!
Reedlijk willen stroomt over de aarde
En die stroom rijst al meer en meer.
Sterft, gij oude vormen en gedachten!
Slaafgeboornen,ontwaakt,ontwaakt!
De wereld steunt op nieuwe krachten,
Begeerte heeft ons aangeraakt!
refrein:
Makkers, ten laatste male,
Tot den strijd ons geschaard,
en D'Internationale
Zal morgen heersen op aard.
De staat verdrukt, de wet is loochen,
De rijkaard leeft zelfzuchtig voort;
Tot 't merg en been wordt d' arme uitgezogen
En zijn recht is een ijdel woord
Wij zijn het moe naar andrer wil te leven;
Broeders hoort hoe gelijkheid spreekt:
Geen recht, waar plicht is opgeheven,
Geen plicht, leert zij, waar recht ontbreekt.
De heerschers door duivelse listen
Bedwelmen ons met bloedigen damp.
Broeders, strijdt niet meer voor andrer twisten,
Breekt de rijen! Hier is uw kamp!
Gij die ons tot helden wilt maken,
O, barbaren, denkt wat ge doet;
Wij hebben waap'nen hen te raken,
Die dorstig schijnen naar ons bloed.
maandag, maart 20, 2006
Underguod
De Egyptenaren binne it earste folk yn de skiednis dat beskreaun hat dat mannen in soart fan undergoud drage under hun jurk. As it hiel waarm wie, en dat woe der wol, wie it de mannen tastean om allinne klaaid yn hun lendedoek op it lân te wurkjen. De bekende farao Toetankamon hie mar leafst 150 underbroeken yn syn graf lizzen, te brûken yn it hiernamaals.Wat de froulje droegen is net bekend, waarskynlyk itselfde.
De Grieken hienen simpelwei in kleed oan, dat se fanôf de nekke oant de knibbels round it lichaam wikkelden. De sydkanten wiene iepen en wurden tichtspelde. Roun de middel siet in gordel om it spul wat by elkoar te halden. Se droegen dus gjin underguod. Slaven hiene allinne in lendedoek om.De froulje fan de Minoïsche kultoer op Kreta hiene in gehiel eigen wyze fan klaaien : se droegen jurken wer by de boarsten bleat bleauwen. Roundom de middel droegen se doe al in soart fan korset.
De Romeinen wiene krekt wat hygiënischer as de Grieken, se hiene in soart koarte broek under hun toga oan.

Roun de 13e ieuw wurde de lange underbroek oant de knibbels útfoun en eltsenien droeg it, as’t no in ridder wie of in knecht. It wiene wiide broeken, makke fan linnen. Roundom de middel siet in koard sadat it spultsje net ôfsakke. Ek yn dizze tiid wie it aksepteard dat lânwurkers slechts klaaid wiene yn hun undergoud as it waarm waar wie. Froulje droegen underjurken. De heechere klasse droeg korsetten dy’t net allinne de bûk mar ek de boarsten ek platdrukten.Yn de Renaissance wurde de underbroek in stik koarter, omdat de moade yn die tiid die lange kniebroeken wie. Dat stiet it dochs wat nûver as je underguod der underút komt. Ek kaam der in flap oan de foarkant, sadat it pisjen makliker wie. Dit koe ek brûkt wurde as bûse.
Foar it earst drage mannen no in himd under hun klean.

It konsept korset krige alom bekendheid. De tailles fan frouwen wurden insnoerd en hun boarsten omheech drukt. Dit wie net gesûn, organen wurden yn elkoar drukt en ribben fergroeiden. Se koene dizze korsetten ek net sunder hulp fan bedienden oanlûke. Yn dizze tiid wie it dan wol wer mogelyk om ynstee fan underjurken ek underbroeken te dragen, oant de knibbels. It underguod waard útbundich fersierd mei satyn, strikken en oare frutsels en wie dus foaral bedoeld foar de rykeren.
Troch de Industriële Revoluzje waard it produsearen undergoud fan katoen in stik goedkeaper. Mannen, frouwen en bern droegen it allegear. It wie ek normaal om in hiel pak oan te ha, fan de earmtakken oant ankels. Sa roun 1900 wurden de earste bh’s ùtfoun omdat men der no wol fan oertûge wie dat strakke korsetten slecht foar de sûnens binne. It is echter noch net in grut sukses. Pas tiidens de Earste Wrâldoarloch, wer’t te min staal is foar de korsetten en froulje faker wurkje, wurdt de bh mear en mear de moade. It korset wie fanôf doe ferliene tiid en is ek nea wer moade wurden.
Yn de jierren ’30 kaam de koartere undermoade yn, foaral danksy de útfiening fan elastiek. Boxers en slips wurden standaard en it wurd ‘underpants’ kaam yn it wurdenboek te stean. BH’’s binne no pas yn ferskillde maten te keap.
Tiidens de Twadde Wrâldkriech wie ek undergoud skaars. It rubber fan de elastieken wie noadich foar oare saken, dus de knopen kamen werom. Nei de oarloch ontdekte men nylon en yn de jierren ’50 wie it earste T-shirt yn feit, doe dragen as himd. Yn 1946 krige de biniki har namme, doe noch bedoeld as underguod. Yn dizze jierren gong de moadewrâld sich ek bemoeie mei it undergoud. Oant dan ta hie eltsenien wyt spul oan. Danksy Lycra en Nylon wiene ek strakkere modellen mogelyk.
It duorre noch oant de jierren ’70 foardat undergoud echt yn in soad ferskillende prints te krijen wie, en ek rjochte op ferskate aktiviteiten lykas sport, warmte (thermo) of romantiek. It T-shirt wie no ek neat mear allinne underguod, mar in klaaistik wurden. Troch de hippie’s. peace en love ferbrânden frouwen hun bh’s. In pear jier letter droech hast elke frou se wer.
De string is foaral sinds de jierren ’80 promoot op de strânnen fan Brazilië. De hjoeddeiske boxer is pas sûnt begjin jierren '90 hip. Het is no net allinne mear erotisch underguod, mar ek foaral moaier under strakke broeken. Alle kleuren, printen en texturen binne no moeglyk, selfs in Bernlef-underbroek heard no ta de nijste moade!
Ik frege my opiens op in dei ôf hoelang en wat foar undergoud minsken drage, fander dizze log.
maandag, februari 27, 2006
Dalí

Salvador Dalí wurde berne op 11 maaie 1904 yn Gerona, Spanje. Hy wurde sear beskerme gut brocht troch syn âlders, omdat sy al in bern ferlen hiene. Dit hat er ta bydragen dat Dalí tydens syn libben net in maklik persoan wie.
Doe hy 10 jier wie, sech hy de impressionistische skilderijen fan in freon fan de familje. Fanôf doe wie syn interesse wekt, foaral foar it impressionisme en kubisme. Derneist hie hy ek in grutte interesse yn oare saken fan de wrâld, hy lesde boeken fan in soad filosoafen: Spinoza, Descartes, Voltaire, Nietsche en Kant. Hjirop basearre hy syn eigen aparte kyk op de wrâld. 
Doe hy 18 jier wie, gong hy nei de San Fernando School of Fine Art. It duorre net lang of hy wurde skorst troch syn onhandelbar gedrach. In tiid letter wurde hy wer talitten en folgde syn earste expositie, allegear impressionistisch wurk.
Yn 1927 omtmoette Dalí Pblo Picasso, dy't hem beskrean as de letste renaissance skilder yn de wrâld. Net folle letter kreeërde Dalí it surrealisme, en dei skilderijen binne it meast bekend fan hem. Hy omskreaun himself ek as :"Ik bin surrealisme".
Net folle letter trouwde hy my syn muze Gala, sy komt dan ek op mear as 50 skilderijen foar. Rûn dizze tiid begong Dalí ek politieke thema's yn syn te ferwurkjen yn syn skilderijen, mar dit wurde net waardearre troch de oare surrealistische skilders. Dalí wurde út de groep set en fertrok nei Amerika. Eins hei Dalí gjin politieke foarkeur, hy mixte de thema's en brûkte sels Lenin en Hitler. Dit leidde tot skandalen yn de keunstnerswrâld.
Dalí kearde noch in oantal kear werom nei Europa wer't hy under oare Freud ontmoette, foar wa't hy bewondering hie. Ek bestudearre hy de Renaissance en Barok skilders, sa as..... 
Yn 1939 fertrok hy wer nei Amerika. Der wiene de ferwachtingen heech, sawol fan syn skilderkeunst as syn excentrieke gedrach. Dalí feroare wer fan styl en skildere no wer klassiek. Fanôf de jierren '50 krige syn wurk in religieuse ynslach, hy skildere foaral Madonna's en Jezus oan it krús.
Dit duorre oant de jierren '60, ondanks syn excentrieke en blasfemistische libbensstyl wie hy dochs oertsjûge katholiek.
Yn 1979 wurde Dalí noch talitten tot de Franske Akademie fan Keunsten yn Paris. Syn persoanlyke syktocht nei 'hyperstereoscopic' leidde nei kreative ferwarring. Syn letste wurk hjit 'De sweltsjesturt' yn 1983.
Op 23 januari 1989 stourn Dalí en hy leit begrafen yn it mausoleum yn Figueras, Spanje.
Self hâldt ik it meast fan syn surrealistische skilderijen. De moaiste die ik fyne kin is understeande. It hjit " Temptation of Saint Anthony" en is skildere yn 1946. It binne de absurde bisten, mei de lange poaten dy it dogge. By in protte skilderijen fan Dalí kin ik hiel lang sjen wat er allegear yn sit, mar op dit skildery falt alles direkt op.

Folgende kear mear oer Escher, de wiskunde maniak.
donderdag, februari 23, 2006
Net nijskjirrich
Foariche wike wie it Kiezel, ien grut feest by Bernlef. Der bin ik sa bot mei besich west dat de rest fan myn hersenen it opjoun hiene om noch wat oars te dwaan...
No is it in nije wike, nije kansen. Ik ha genoch beleefd, klavere, nei ljouwert west foar toanielskriuwkursus, dus dat sil wederom de oarsaak wese dat ik my neat boeiends ôfrege ha. Ankommend wiikein fynt wer in illuster kamp plak yn de bosk fan Heechhelje, dus ja...
Nije wike bin ik wer nijskjirrich, ik sil der in elts gefal myn best foar dwaan, sa as ik dizze wike dus dúdlik net dien ha!


Fan dizze trije keunstners ha ik noch wol wat boeken yn de kast stean, dat sil wol wat wurde! Ik fyn wer wat interessant, dat is in goed begjin...
No sil ik oprúmje en soksawat, want ik krij visite út Rotterrrrdam!



